Column: Laat de kat maar natze
Se besteane net, mar se binne der al. It liket in kryptyske omskriuwing foar in puzzel. Ik soe der noch oan taheakje kinne dat se manmachtich binne en in hiele boel ynfloed ha kinne soenen as se mar bestienen. As partij bedoel ik. Se soenen yn ien klap dit hiele lân in oare koers farre kinne litte, in koers dêr’t gjin inkelde oare partij ek mar by yn de buert komme koe.
Ik neam se de Nixen, mei alle respekt dat ik yn my ha. Dy minsken dy’t net west ha te stimmen ha ik it oer. Ik wit wêrom net. Yn it ferline ha ik ek wol ris oanstriid hân en bliuw mar thús. Dat hat grif elk minske wol ris hân, tink ik. Gewoan wat dwersbongelje, nocht oan ûnnocht ha, it kin soms sa hearlik yn je omwrotte en dat moat der dan út en dan smite jo de kont tsjin de krêbe. Ik sil dy mantsjes en wyfkes fan de polityk witte litte dat ik protestearje, dat ik it nergens mear mei iens bin en dat ik dus ek net mear meidwaan wol. Wat hat it foar nut je te fersetten tsjin de plannen dy’t de gemeente makket? Hoesa yn Harns om tsjin de ôffaloven wêzen? It ding komt der dochs. Watte? Hy stiet der al hast!
De partij fan de Nixen hat it goed besjoen. Net dwaan, niks mear dwaan, je eigen libben ynfolje en ‘laat de kat maar natze’. Ik hie dat destiids noch noait sa sizzen heard, mar in freon fan my sei dat froeger. Hy hie Dútske roots dus mooglik komt it dêr ergens wei. Mar it is wol dúdlik wat it betsjut.
Suver de helte fan de minsken dy’t rjocht ha om te stimmen is thús bleaun. Sa’n 48% as ik it goed ha. Dêrmei binne se de grutste partij wurden, dêr kin gjin inkeld polityk gejammer of jûchheigerop fan de ferliezers of de winners tsjin op. Ik fyn it in misstân dat de polityk dêr gjin rekken mei hâldt. Se ha kennelik neat yn harren programma’s dat dizze groep oansprekt, sels gjin read kleurpoatlead dêr’t wy ús wer mei rêde moasten.
In goede kwaliteit, Bruynzeel, wat wolle je noch mear. Ik fûn dat it ding hearlik kleure, it hokje wie samar read en ik krige suver oanstriid om der noch efkes langer fan te genietsjen en kleurje in hiele boel hokjes yn. Mar ja, allinne mar read is my net moai genôch, en boppedat, it is my ek tefolle in polityk kleurke. Eins hie der sa’n blikken doaske stean moatten mei tolve potleaden of filtstiften. Der soe ek in wedstrydsje komme kinne: wa’t de boel it kreatyfst opkleure hat dy wint in priis. Mar dan nei eigen keuze en net sa as guon sinteklaazje-aksjes yn guon plakken. Freonen fan ús wûnen in weardebon fan € 25,00, te besteden oan de oankeap fan in sinnebril mei glêzen op sterkte.
Mar sûnder gekheid, dy partij dy’t dus net bestiet mar der dus wòl is, moat tenei ek plak ha op it stimbiljet. Gewoan by op ‘e list. Ien hokje mei gjin inkelde namme derby. In ekstra grut hokje sadat je je net fersinne kinne wêr’t je sykje moatte op dy grutte lape papier. Dan soenen alle Nixen dochs te stimmen kinne as wie it inkeld mar om dat moaie potlead en de wille fan it kleurjen. Mar wol binnen de lijntsjes bliuwe, sei ús master froeger. No fan my hoecht dat net. Gjin inkelde keunstskilder kleuret langer noch binne de lijntsjes. Froeger miskien wol, mar dat is lang lyn, doe wie stimmen ek noch in ferplichting en krige men in boete as men net west hie.
Hé, eins is dat in oar gesichtspunt: soe dat net in protte jild opleverje kinne sa stadichoan? Miskien wol safolle dat der net iens genôch plannen binne om it oan bestede te kinnen! Sa soenen de Nixen noch in hiel kreative partij wurde kinne dy’t in plan betinke moat dat noch net ien earder betocht hat.
De Nixen, de grutste partij dus. Se soenen sa ek noch altyd oan de langste ein lûke. En dan harren slogan, dy soe wêze moatte: Stimme is in foarm fan frijheid, dat moatte jim gewoan dwaan. No sa!
Benny Holtrop
- 0.0/5 sterren
Meer headlines
- Heerenveen: Handige hulp bij financiële vragen
- Oldeholtpade: 59e Fokdag Het Friese paard van start
- Heerenveen: Endemol maakt opnamen workshop
- Leeuwarden: Gedichtenwedstrijd op Twitter
- Leeuwarden: Wekelijkse gratis rondleiding in het Princessehof
- Langweer: Diverse aanhouding tijdens surveillance
- Heerenveen: Brandje in schip
- Wolvega: Plein Live Dagen van start
- Jubbega: Dart team Jubbega 3e bij Nederlands kampioenschap.
- Stavoren: Bezoekers Skûtsjesilen kunnen ‘gewoon’ met de trein
- Ter Idzard: Filmopnamen van kerkje ter Idzard
- Heerenveen: De Friese kustgids
- Heerenveen: Friesland Bank ook de komende 3 jaar hoofdsponsor van de KNKB
- Sint Nicolaasga: Rijbewijs beginnend bestuurder ingevorderd
- Wolvega: Hennepkwekerij ontmanteld, drie mannen aangehouden
- Joure: Vrouw en kind gewond na klap autodeur
- Oldeberkoop: Drukte op Berkopermarkt
- Heerenveen: Ruim 2000 treinreizigers vragen Zomerkorting aan via sms
- Sint Nicolaasga: Auto gestolen
- Groningen: UMCG waarschuwt voor gevaren nep-piercing
- Rohel: Waterskivereniging 'Tjeukemeer'
- Oranjewoud: Wandelen op Landgoed Oranjestein
- Noordwolde: Heleen Talman-Nicolaï in Mei ik jo wat freegje
- Joure: Groen licht voor opstijgen van 125 heteluchtballonnen
- Noordwolde: Echtpaar 60 jaar getrouwd
- Heeg: Campagne ‘Stop lozing afvalwater’ van start
- Kuinre: Sluisje Kuinre populair
- Heerenveen: Schreeuwende man aangehouden
- Wolvega: Hennepkwekerij ontmanteld
- Noordwolde: Iedere week zomermarkt
Reacties (0)
Plaats een reactieEr zijn nog geen reacties